Sportcoach: “Hâld by mooglik folgjende lockdown mear rekken mei bern mei in ferstanlike beheining”

Sportles foar bern mei al in skoftke wer. Dochs is it net foar eltsenien fanselssprekkend. Bern fan it spesjaal ûnderwiis op It Hearrenfean hawwe woansdei harren twadde sportles sûnt it begjin fan de lockdown. Dat it noch mar de twadde kear is, is net goed foar de bern, seit sportcoach Marko de Vries fan Sport Anders. Want de lockdown hat in grutte ynfloed hân op it libben fan de bern mei in ferstanlike beheining.

 

Bron: https://www.omropfryslan.nl/